top of page

Fotoshoot met Gré van der Valk

Updated: Aug 31, 2023


Mijn model uit de mienskip van Franeker kwam langs voor een fotoshoot. We hebben besproken hoe de setting à la Vermeer zou worden. Kleuren geel en blauw zijn in schilderijen van Vermeer erg belangrijk. De hemelglobe speelt vanzelfsprekend een grote rol, zowel in Vermeers werk als in het leven van Gré van der Valk. Zij is de dochter van de laatste bewoner van het Planetarium in Franeker. Maar misschien ken je haar ook wel via de Fryslân DOK 'Kibboets op'e klaai' waarin zij en haar zus Betty hun eigen jeugdgeschiedenis teruglezen in de brieven van Hans Martin Cohn en familie. Hans werd afgevoerd naar kamp Westerbork. De brieven worden tentoongesteld in het Historisch Centrum in Franeker.

Het Planetarium Eise Eisinga is nu een wetenschapsmuseum. Eisinga bouwde het tussen 1774 en 1781. Sinds de voltooiing geeft het, aangedreven door het astronomische uurwerk, de actuele positie van de planeten aan via de plafondwijzerplaat. Het is het oudste werkende planetarium ter wereld.


Gré van der Valk - fotoshoot
Gré van der Valk - fotoshoot

Myn model út de Frjentsjerter mienskip kaam lâns foar in fotoshoot. Wy hiene bepraat hoe't de setting à la Vermeer wêze soe. Kleuren giel en blau binne tige wichtich yn skilderijen fan Vermeer. De himelglobe spilet fansels in grutte rol, sawol yn it wurk fan Vermeer as yn it libben fan Gré van der Valk. Sy is de dochter fan de lêste bewenner fan it Planetarium yn Frjentsjer. Mar do kinst har ek wol troch de Fryslân DOK 'Kibboets op'e klaai' wêryn't sy en har suster Betty har eigen jeugdskiednis weromlêzen yn de brieven fan Hans Martin Cohn en famylje. Hans waard nei kamp Westerbork brocht. De brieven wurde útstald yn it Histoarysk Sintrum yn Frjentsjer. It Planetarium Eise Eisinga is no in wittenskipsmuseum. Eisinga boude it tusken 1774 en 1781. Sûnt syn foltôging, oandreaun troch de astronomyske klok, jout it de hjoeddeistige posysje fan de planeten oan fia de plafond wizerplaat. It is it âldste wurkjende planetarium yn 'e wrâld.

29 views

Recent Posts

See All

Commentaires


bottom of page