top of page

De krullen van Titus

Updated: Aug 23, 2023

Titus Stallmann is al de vierde generatie, die gespecialiseerd is in de traditionele Hindelooper kunst, handgemaakte en beschilderde meubelen, de echte R.H. (Roosje Hindeloopen), hofleverancier. Vandaag ontmoet ik hem voor het project ‘Fr11slân door de ogen van Vermeer’ in zijn prachtige atelier.

Deze keer laat ik me niet door Vermeer, maar door Christoffel Bisschop inspireren. 'De Hindelooper schilderjongen' van de Friese Vermeer lijkt wel een portret van Titus' voorgangers. Honderdtachtig jaar geleden is het geschilderd en nu doet Titus dit handwerk nog steeds.

Titus is een charismatische man met een kop vol krullen, een kapsel dat hij sinds de corona periode draagt. Vroeger was Kort Amerikaans meer zijn stijl. Hij is een vlotte prater, beslist niet verlegen om woorden en verhalen. Hij is naar eigen zeggen een mensenmens, hij wil graag iedereen betrekken bij de ‘mienskip’. Hij onderhoudt een warme relatie met de media. De socials zet hij alleen beroepsmatig in. Hij post niet over de macaroni, die hij ’s avonds eet.

Journalisten weten hem altijd te vinden, evenals mensen die een bestuurslid nodig hebben. Een carrière buiten zijn geboorteplek heeft hij nooit geambieerd. ’s Zomers heb je hier het eilandgevoel, wat wolst noch mear? Hij is dan ook vereerd als ambassadeur van Hindeloopen het verhaal te mogen vertellen van zijn liefde voor de stad en voor het ambacht. Over de vraag of hij een levensmotto heeft, moet hij even nadenken: ‘Must elkoar wat helpe’.

Voor de fotoshoot heeft Titus alle attributen wel in huis en wordt het hele atelier op zijn kop gezet! Of de krullen onder het hoedje komen is evenwel de vraag.


Super benieuwd naar het eindresultaat.


Titus Stallmann - Hindeloopers schilderwerk
Titus Stallmann - Hindeloopers schilderwerk


Titus Stallmann is al de fjirde generaasje, spesjalisearre yn tradisjonele Hylper keunst, mei de hân makke en beskildere meubels, de echte R.H. (Roosje Hylpen), hofleveransier. Hjoed moetsje ik him foar it projekt 'Fr11slân troch de eagen fan Vermeer' yn syn moaie atelier.

Dizze kear lit ik my net ynspirearre troch Vermeer, mar troch Bisschops. 'De Hindelooper Schildersjongen' fan de Fryske Vermeer liket in portret fan Titus syn foargongers. It is hûnderttachtich jier lyn skildere en Titus docht dit hânwurk hjoed de dei noch.

Titus is in karismatyske man mei in holle fol krulhier, in kapsel dat er al sûnt de koronaperioade hat. Koart Amerikaansk wie eartiids mear syn styl. Hy is in floatske prater, wis net ferlegen om wurden en ferhalen. Hy seit dat er in minskenminske is, mei in antenne foar guon dy't iensum binne. Hy wol se graach belûke by de 'mienskip'. Hy ûnderhâldt in waarme relaasje mei de media. Hy brûkt de socials allinnich profesjoneel. Oer de macaroni dy't er jûns yt, post er net.

Sjoernalisten witte altyd wêr't se him fine kinne, ek minsken dy't in bestjoerslid nedich hawwe. Hy stribbe noait nei in karriêre bûten syn wenplak. Simmerdeis hast hjir it eilângefoel, wat wolst noch mear? Hy is dêrom tige fereare dat hy as ambassadeur fan Hylpen it ferhaal fertelle kin oer syn leafde foar de stêd en foar it ambacht.

Hy moat efkes neitinke oft er in libbensmotto hat: 'Moatst elkoar wat helpe'.

Foar de fotoshoot hat Titus alle attributen yn hûs en komt de hiele studio op 'e kop! Oft de krullen ûnder de hoed komme is lykwols de fraach.


Tige benijd nei it einresultaat.

160 views

Recent Posts

See All

Comments


bottom of page