top of page

Bolsward per boot

Updated: Aug 8, 2023

In de Hanzestad Bolsward ben ik rondgeleid door o.a. Ruben (opbouwwerker), Willie (stadsgids) en Jan (bootgids). Ze hebben mijn bezoek goed voorbereid. Voor ons art – en mienskip project vinden ze de Martinushof, het bekijken waard. Het ligt binnen de wallen. Er is daar een karakteristiek gebouw te zien, vroeger een armenhuis. Ze vertellen over Werkmansbloei, een buurt destijds voor arbeiders gebouwd, buiten de gracht. Met een draaibrug, die ze ’s nachts open zetten, om de toevloed van dronkaards te keren. Er is een gezegde: 'Alles wat uut Bolsert komt, suupt.' Verslavingsproblematiek is helaas van alle tijden.

Onder het genot van een bakje vertellen ze over de spraakmakende koffiefabriek in de stad. En natuurlijk over de Súvels. Bolsward bezit jarenlang een zuivelschool, later uitgebreid met een opleiding voor levensmiddelentechnologie. Menig directeur is hier geschoold. De verhuizing van de school naar Leeuwarden is een aderlating, zo’n tien procent van de bevolking vertrekt.

We varen langs het pand waar destijds de echte Ruiterschaatsen gemaakt zijn. We krijgen er zelfs eentje te zien. Voor boeren zijn schaatswedstrijden destijds een welkome aanvulling op hun inkomen. We varen ook langs de stadscamping, waar je altijd het mooiste plekje krijgt. Ze hebben geen andere.

Ze vertellen over toekomstplannen. Restwarmte van fabrieken en vulkaan energie gebruiken voor de verwarming van huizen. In de Waddenzee ligt de Zuidwalvulkaan, 150 miljoen jaar oud en uitgedoofd. De omgeving is nog zo warm, dat geothermie mogelijk moet zijn. Door heel veel dingen samen te doen denken ze de samenleving prettiger te maken.

‘Handen binnenboord’, we varen nu langs een smal stukje’, waarschuwt de kapitein. Dan horen we een harde knal tegen de bodem. ‘Oh, dat is vast een fiets!’ Er is gelukkig altijd wel een andere te koop, we hebben hier vier fietszaken.

Het zal nog lastig zijn om van Bolsward een Vermeerschilderij te maken, maar inspiratie krijg ik wel door al die verhalen. It giet oan!


Fotocollage van Bolsward
Fotocollage van Bolsward

Boatsjefarre yn Boalsert


Yn de Hânzesêd Boalsert bin ik rûnlaat troch Ruben (opbouwurker), Willie (stedsgids) en Jan (boatgids) en oaren. Se hawwe myn besite goed taret. Foar ús keunst en mienskip projekt fine se it Martinushof it besjen wurdich. It leit binnen de wâlen. Dêr is in karakteristyk gebou te sjen, eartiids in earmhûs. Se fertelle oer Werkmansbloei, boud as arbeidersbuert, bûten de grêft. Mei in swaaibrêge, dy't se nachts iepen litte, om de stream fan sûplappen te kearen. Der is in spreuk: "Alles wat út Boalsert komt, sûpt." Spitigernôch binne ferslavingsproblemen fan alle tiden.

Under it genot fan in bakje kofje prate se oer it spraakmakende kofjefabryk yn de stêd. En fansels oer de Súvels. Boalsert hie jierrenlang in suvelskoalle, letter útwreide mei in oplieding itensmiddelstechnology. In protte direkteuren binne hjir oplaat. De ferhuzing fan de skoalle nei Ljouwert is in ierlitting, sa'n tsien prosint fan de befolking gie fuort.

Wy farre lâns it gebou dêr't eartiids de echte Ruiter-redens makke waarden. Wy krije sels ien te sjen. Foar boeren wiene reedrydwedstriden doe in wolkomme oanfolling op harren ynkommen. Ek farre wy by de stedscamping lâns, dêrst altyd it moaiste plakje krijst. Se hawwe gjin oare.

Se prate oer takomstplannen. It brûken fan ôffalwaarmte fan fabriken en fulkanyske enerzjy om wenten te ferwaarmjen. Yn de Waadsee leit de Súdwalfulkaan, 150 miljoen jier âld en útdôve. De omjouing is noch sa waarm dat ierdwaarmte mooglik wêze moat. Troch in protte dingen tegearre te dwaan, tinke se dat se de maatskippij nofliker meitsje kinne.

'Hannen binnenboard', wy farre no oer in smel stik, 'warskôget de kaptein. Dan hearre wy in hurde bonk tsjin de boaiem. “Hea, dat is fêst in fyts, tink!” Der is wis noch ien te krijen, wy hawwe hjir wol fjouwer fytsewinkels.

It sil noch dreech wurde om fan Boalsert in Vermeerskilderij te meitsjen, mar ynspiraasje haw ik wol opdien troch al dy ferhalen. It giet oan!

60 views

Commenti


bottom of page