top of page

Harlingen, ouwe seunen

Updated: Aug 27, 2023

Ik ben op bezoek geweest in Harlingen, de stad van de 'ouwe seunen' zoals de echte Harlingers genoemd worden. Ook tobbedansers is een bijnaam van de Harlingers. De stad heeft, zoals veel Friese steden, een eigen stadsdialect. Erg Fries klinkt het trouwens niet. Dat is begrijpelijk, want als havenstad heeft het invloed ondergaan van o.a. het Hollands. Typerend voor het Harlingers is de toevoeging van het stopwoord 'juh'of 'seun' aan het einde van een zin. ‘Dat hest mooi deent seun.’ of ‘Dou must aweseere, juh’ zijn zinnen die je makkelijk kunt horen als je er een tijdje bent. Die laatste opmerking steek ik in mijn zak.

Ik heb gesproken met Pieter Ros, beleidsmedewerker jeugd in de gemeente Harlingen. We hebben verschillende buurten bekeken. Ik heb veel verhalen gehoord over stille armoede. Van buitenaf zie je dat niet meteen, maar Pieter wist er veel over te vertellen.

Het zal nog een kunst worden een Vermeer te schilderen van rijtjeshuizen. Als kunstenaar ga ik de verbinding zoeken tussen het oude en het nieuwe Harlingen, vooral hoe het groener kan. Taal is in een mienskip van groot belang, dus dat element ga ik ook in mijn schilderij verwerken. Ook nu zal het weer een balanspoging worden tussen de eigenheid van 'Harns', die van de kunstenaar en die van Vermeer. Wie weet hoor ik straks uit de mond van de Harlingers : ‘Dat hest mooi deent, seun.’

Een gesloopte fiets tegen een muur
Stille getuige

Je ziet Randolph denken: hoe zal ik hier een schilderij van maken à la Vermeer
Je ziet Randolph denken: hoe zal ik hier een schilderij van maken à la Vermeer

Ik haw Harns besocht, de stêd fan de 'âlde seunen' sa't de echte Harlingers wurde neamd. Tobbedûnsers is ek in bynamme fan de Harlingers. Lykas in protte Fryske stêden hat de stêd in eigen stedsdialekt. It klinkt trouwens net sa bot Frysk. Dat is te begripen, want as havenstêd is se beynfloede troch ûnder oare it Nederlânsk. Typysk foar Harlingers is it tafoegjen fan it stopwurd 'juh' of 'seun' oan 'e ein fan in sin. 'Dat hest mooi deent seun.' of 'Dou must aweseere, juh' binne útdrukkingen dy'st maklik hearre kinst ast der in skoft west hast. Dy lêste opmerking sil ik yn'e bûse stekke.

Ik haw praat mei Pieter Ros, amtner jeugdbelied yn de gemeente Harns. Wy hawwe sjoen nei ferskate buerten. Ik haw in protte ferhalen heard oer stille earmoede. Dat sjochst net daliks fan bûten ôf, mar Pieter wist der in soad fan te fertellen. It wurdt in keunst om in Vermeer fan rychjeshuzen te skilderjen. As keunstner sil ik sykje nei de ferbining tusken it âlde en it nije Harns, bynammen hoe't it griener kin. Taal is tige wichtich yn in mienskip, dat ik tink dat ik dat elemint ek yn myn skilderij opnimme sil. It sil wer in besykjen wêze om in lykwicht te meitsjen tusken de eigenheid fan 'Harns', dy fan de keunstner en dy fan Vermeer. Wa wit, miskien hear ik fan 'e Harnsers: "Dat hest mooi deent, seun."


13 views

コメント


bottom of page