top of page

Workum werkt aan z'n toekomst

Updated: Aug 8, 2023

In Workum zijn we gastvrij ontvangen door Albert en Piets Althuis. Bij de koffie krijgen we uitleg over de nieuwe wandelgids van de stad. Daarin staan bezienswaardigheden maar ook verhalen van bewoners, de mienskip. Via de vraag over de toekomstvisie komt een biobased hennepkwekerij in beeld. Die willen we zeker bezoeken. En Friesland Campina, met wie gesprekken gaande zijn hun restwarmte in te zetten voor de verwarming van de nieuwe sporthal.


Albert rijdt ons rond, zo kunnen we veel plekken zien, die uiteen liggen. We passeren prachtige oude huizen. ‘De achterkanten zijn ook vaak interessant’, zeg ik. We rijden ook een stukje langs de Elfstedenroute.


Voormalige herberg De Zwaan
Voormalige herberg De Zwaan

In Workum staan twee fabrieken van Friesland Campina. De kaasfabriek, waar Albert vroeger wel vakantiewerk deed, is een van de grootste en produceert jaarlijks 130 miljoen kilo. ‘Zo’n kaasberg is je moeilijk voor te stellen.’ En de ingrediëntenfabriek, die het restproduct wei verwerkt tot onder meer baby- en kindervoeding voor wereldwijde export. Of het indrukwekkende fabriekscomplex in de omgeving past, of in een schilderij à la Vermeer, laat de gids graag aan de kunstenaar over.

Deel van de FrieslandCampina fabriek
Deel van de FrieslandCampina fabriek

De vlashennepkwekerij ligt net buiten Workum. Om de toepassing als isolatiemateriaal aandacht te geven is er een doolhof gemaakt, die de hele zomer veel publiek trekt. Het laat zien welke biobased bouwproducten ervan gemaakt worden en welke goede invloed de plant op de bodem en biodiversiteit heeft. Workum werkt aan de toekomst.


De uitdaging waar Randolph Algera voor staat, is een (futuristisch) stadsgezicht van Workum schilderen in de stijl van Vermeer. De voorbeelden van Vermeer zijn beperkt. Hij heeft er maar twee gemaakt: Stadsgezicht op Delft (1660-1661) en Gezicht op huizen in Delft, beter bekend als het Straatje (1658). Beide met het licht van achteren, met doorkijkjes, oranje daken, Hollandse luchten en veel horizontale lijnen, weinig diagonale. Compositie is in die schilderijen heel belangrijk. ‘Deze rit is inspirerend. Ik zal er met genoegen aan werken.’


Doolhof van vlashennepkwekerij
Doolhof van vlashennepkwekerij

Yn Warkum binne wy hertlik ûntfongen troch Albert en Piets Althuis. By in bakje kofje krije wy útlis oer de nije kuiergids fan de stêd. It toant moaie plakken, mar fertelt ek ferhalen fan de mienskip.


In biobasearre himpkwekerij komt yn byld troch de fraach oer de takomstfyzje. Wy wolle dy seker sjen. En Friesland Campina, mei wa't der oerlis is om harren restwaarmte te brûken foar de ferwaarming fan’e nije sporthal.


Albert rydt ús in rûn mei de auto, sadat wy in protte plakken sjen kinne dy't ferspraat lizze. Wy komme moaie âlde huzen foarby. "De efterkant is faaks ek nijsgjirrich," sis ik. We ride ek in stikje lâns de Alvestêdenroute. Yn Warkum steane twa Friesland Campina-fabriken. It tsiisfabryk, dêr't Albert eartiids fakânsjewurk die, is ien fan de grutste en produsearret jierliks ​​130 miljoen kilo. “It is dreech om dy sa’n berch tsiis foar te stellen.” En it yngrediïntenfabryk, dat it oerbliuwende weiprodukt ferwurket ta poppe- en bernefieding, foar wrâldwide eksport. Oft it yndrukwekkende fabrykskompleks past yn’e omjouwing, of yn in skilderij à la Vermeer, lit de gids graach oan de keunstner oer.


Krekt bûten Warkum leit de flaakshimpkwekerij. Om it gebrûk as isolaasjemateriaal te promoatsjen, is in doalhôf makke, dat de hiele simmer in grut publyk lûkt. It lit sjen hokker biobasearre bouprodukten der fan makke wurde en hokker goede ynfloed de plant hat op de boaiem en it bioferskaat. Warkum wurket oan syn takomst.


De útdaging foar Randolph Algera is it skilderjen fan in (futuristysk) stedsbyld fan Warkum yn de styl fan Vermeer. De foarbylden fan Vermeer binne beheind. Hy makke der mar twa: Stedsbyld fan Delft (1660-1661) en Gesicht op huzen yn Delft, better bekend as de Strjitsje (1658). Beide ha se it ljocht fan efteren, mei in trochkykje, oranje dakken, in protte horizontale linen en in pear diagonale. Komposysje is wichtich yn dy skilderijen.

"Dizze rit is tige ynspirearjend. Ik sil der mei niget oan wurkje."


54 views

Recent Posts

See All

Comments


bottom of page